Dûnsjen, sjongen en moaie ferhalen! Yn septimber 'toert' Tomke wer troch Fryslân mei ferskate foarstellingen. Hjirûnder in foarpriuwke fan de foarstellingen. Dat it feest wurdt is wis!
Tomke en Romke meitsje in boat yn 'e tún.
Dêrmei sille se te farren en te fiskjen.
Mar se fange net allinnich fisken.
En… der komt immen op besite, o help!
'Aventoer op it wetter' is in foarstelling fan skriuwster Geartsje Douma. De foarstelling sit net yn de Tomke-toer yn de biblioteken, mar is wol te boeken troch pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen. Geartsje komt del mei in koffer fol mei muzykinstruminten en de Tomke-poppen. Mei de poppen en de bern wurdt it ferhaaltsje útspile. Ek wurdt der muzyk makke, songen en der is romte foar beweging.
Tomke toert mei boppensteande foarstellingen by de biblioteken del. Wolst mei dyn pjut nei in foarstelling? Sjoch hjir foar it programma!
Dat kin! Foar mear ynformaasje en it meitsjen fan in reservearring stjoerst in mailtsje nei ynfo@tomke.frl.