Tomke foar professionals

Wurkesto mei pjutten? En wolst it Frysk ek in plakje jaan? Tomke hat in breed oanbod oan materialen foar elk tema, sawol op papier as digitaal. Sa kinsto bern ek op it pjutteboartersplak of bernesintrum in moaie basis foar meartaligens biede.

Foar alles in ferske!

‘Foar alles in ferske’ is in nije ferskebondel, mei tolve ferskes oer fan alles dat jonge bern dwaande hâldt, lykas grutter wurde, opromje, ite en jierdei wêze. De ferskes, dy't fia in QR-koade yn it boek online te belústerjen binne, binne spesjaal skreaun foar jonge bern, mei tema's en teksten dy't oanslute by harren belibbingswrâld. Se sette oan ta beweging of it stimulearjen fan de sintugen. Ek is der by elk ferske in ferhaaltsje op rym skreaun, yn it tema fan dat ferske.

Yn it boek kinst mear ynformaasje fine oer de achtergrûn fan it meitsjen fan de ferskes en tips oer it sjongen fan de ferskes en it lêzen fan de ferhaaltsjes. Dêrneist stean by elk ferske tips foar aktiviteiten dy'tst dwaan kinst by de ferskes yn ferskillende kategoryen, lykas prate, dwaan en bewege. Hjirmei kinst safolle mooglik út de ferskes helje, om sa de ûntwikkeling fan bern optimaal te stimulearjen.

It boek is te bestellen troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@tomke.frl en dêrby jimme lokaasje te fermelden.

Doch mear mei Tomke

De aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ jout suggestjes foar aktiviteiten oan professionals, sadat sy op in ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne.

Al pratend, lêzend, sjongend, dûnsjend, boartsjend en nifeljend wurdt oan ’e hân fan tolve tema’s de taalûntwikkeling fan bern stimulearre. Mar likegoed ek de emosjonele, sosjale en motoaryske ûntwikkeling. Handich dêrby is dat de tema’s en aktiviteiten oanslute by de Nederlânske metoaden ‘Uk en Puk’ en ‘Piramide’.

Mear witte

Tomke knibbelboek ‘Praatsjemakkers’: 14 nije ferhaaltsjes

‘Praatsjemakkers’ binne ferhaaltsjes dy’t pedagogysk meiwurkers allinne of tegearre spylje kinne mei hânpoppen. Sûnder poppekast en sûnder fêste teksten, mar mei alle romte om binnen in tema praatsjes te meitsjen mei de poppen en de bern. Set dit knibbelboek op ’e skoat of op ’e tafel. Sa sjogge de bern de yllustraasje by it ferhaal en hat de ferteller de hannen frij foar de hânpoppen.

Yn de ferhaaltsjes, dy’t oanslute by de tema’s fan Doch mear mei Tomke en Nederlânske VVE-programma’s, belibbet Tomke wer fan alles mei syn freontsjes. Sa’n freontsje kin de Frysktalige Romke of Yana Yu wêze, mar it soe ek in Nederlânsktalich freontsje wêze kinne, lykas bygelyks Puk.

Bestel ‘Praatsjemakkers’ foar jim opfang troch in mail te stjoeren nei ynfo@tomke.frl. As jim it knibbelboek ophelje by de Afûkwinkel yn Ljouwert, dan is ‘Praatsjemakkers’ fergees! It boek kin ek opstjoerd wurde, jim betelje dan allinne de ferstjoerskosten.

Digitaal materiaal

Yn de 'Tomketeek' binne in hiel soad digitale Tomke- en oare Fryske materialen foar pjutten sammele. De materialen binne sortearre op tema en by alle tema's is foar liedsters/gastâlders in grut ferskaat oan Fryske materialen te finen om te brûken yn de pjutte-opfang, lykas bygelyks ferhaaltsjes, ferskes, nifelwurkjes, filmkes, praatplaten en boeketips. Freegje hjirûnder fergees dyn ynlochkoade foar de Tomketeek oan, dan krijst dyn ynlochgegevens oer de mail en kinst daliks oan 'e slach!

Tomke-nijsbrief

Trije kear yn it jier ferskynt der in papieren Tomke-nijsbrief mei ynformaasje oer aktiviteiten, nije materialen en oare nijtsjes op it mêd fan it Tomke-projekt. De nijsbrief wurdt ferstjoerd nei alle bernesintra yn Fryslân en is ek te krijen yn de biblioteek. Krije jim de nijsbrief op jim bernesintrum noch net?

Nim kontakt mei ús op

Lesbrief

Wolle jimme op jim lokaasje wat mear mei in boek dwaan? Elk jier wurdt der mei de 'Nationale Voorleesdagen' in lesbrief by it printeboek fan it jier makke, mei dêryn in Fryske oersetting fan dat boek. Mar ek by in soad oare boeken binne Fryske lesbrieven te krijen, mei tips by it foarlêzen en aktiviteiten om it tema fan it boek hinne. Alle lesbrieven binne te finen yn de Tomketeek.

Nijste lesbrief downloade

Twatalige lokaasje wurde?

It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) helpt liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan bern. Foar mear ynformaasje oer it SFBO sjochst op harren webside.

Tomke-foarstellingen en Tomke-oargel

Wolle jim in Tomke-foarstelling of it Tomke-oargel op jim pjutte-opfang, bernedeiferbliuw of oare feestlike aktiviteit foar pjutten? Dat kin! Sa is der in muzikale foarstelling fan Janneke Brakels, dy’t mei de bern sjongt en dûnset. Mear ynfo is te finen op har webside. Sjoch hjir foar mear ynfo oer de Tomke-foarstellingen fan Tomke-skriuwster Geartsje Douma. It Tomke-oargel fan Luuk Klazenga makket jim feest hielendal kompleet! Nim streekrjocht kontakt op mei Luuk fia 06-25550237 foar mear ynfo hjiroer. 

Tomke-pak hiere?

Foar foarlêsaktiviteiten, talige aktiviteiten of feestlike gelegenheden op in pjutteboartersplak of bernesintrum kin it Tomke-pak hierd wurde. Nim kontakt op mei jim biblioteek foar mear ynformaasje.