Ferhaaltsjes foar pjutten, ynformaasje foar grutten!

Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.

Mear oer Tomke

Maitiid!

De maitiid komt deroan! De tiid fan lekker bûten boartsje, langer ljocht, jonge bisten, moaie blomkes én fansels de Peaskedagen. Hearlik! Ek Tomke is der klear foar, sjoch hjir mar op de webside nei de kleurplaten en de spultsjes. Soad wille!

Tomke foar thús

 

Krijsto de Tomke
nijsbrief al?

Lit dyn mailadres achter en bliuw op ’e hichte fan it Tomke-nijs! 

Fideoklip 'Jierdei'

Nij ferskeboek 'Foar alles in ferske!'

It nije ferskeboek 'Foar alles in ferske!' is der! De tolve ferskes binne skreaun troch Clara Rullmann en gean oer fan alles dat jonge bern dwaande hâldt, lykas bûten boartsje, jierdei fiere, telle, en grutter wurde. Mei ferhaaltsjes en aktiviteitetips yn deselde tema’s, om safolle mooglik út de ferskes te heljen! De ferskes binne fia in QR-koade online te belústerjen. By ien fan de ferskes is in fideoklip makke, dy'tst hjirneist besjen en belústerje kinst. It boek is spesjaal makke foar pjutteplakken en de ûnderbou en fergees beskikber!

Mear ynformaasje

Tomke ferskes

Lês it temaboekje: 'Lekker spatterje!'

Yn nûmer 27 fan it Tomke temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes, puzels en noch folle mear... 

Tomke temaboekje besjen

Tomke foar thús

Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!

Tomke foar thús

Tomke foar professionals

Wolsto as professional mei Tomke wurkje? Yn de Tomketeek fynsto allerhanne materialen om yn dyn groep mei it Frysk oan ’e slach te gean.

Mear ynfo