Taalstimulearring thús

Foarlêzen, dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Kinst net betiid genôch begjinne mei foarlêzen.

Wêrom Frysk?

Asto wolst dat dyn bern yn it Frysk opgroeit, dan is it hiel wichtich dat it brûken fan it Frysk fan de berte ôf aktyf stimulearre wurdt. Dat jildt foar bern fan wa’t beide âlders thús Frysk prate, mar ek foar bern fan wa’t ien âlder Frysk praat. 

Mear lêze

Fryske boekjes foar pjutten

Foarlêzen is in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Yn de Afûk-websjop binne alle Fryske berneboeken fan 0 o/m 4 jier te bestellen.

Nei de Afûk-websjop

Foarlêsgids 2023

Fryske ferskes op Spotify

Hearlik Fryske ferskes sjonge mei de bern op Spotify! Belústerje de ferskes fan Retteketet Tsjyng Boem, Deuntsjes foar dy, De bisteboel fan omke Roel, Hantsjes yn 'e hichte, Krobbekoer en fansels alle ferskes fan Tomke!

Spotify

Fryske apps foar pjutten

Wolst mei dyn pjut ek Frysk boartsje op de tablet? Der binne prachtige Fryske apps fergees te downloaden yn de Appstore of Google Playstore. 

Oersjoch Fryske apps foar bern

Boartsje mei Tomke

Ferhaaltsjes, spultsjes, ferskes en filmkes oer Tomke en syn freontsjes!

Hantsjes yn ’e Hichte

Sykje it plaatsje op de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in ferske en doch mei!

It Grutte Foarlêsboek

In app mei prachtige ferhalen, gedichten en spultsjes.