Alle produkten en aktiviteiten fan it Tomke-projekt hawwe as doel te soargjen foar in rike meartalige omjouwing, om sa de taalûntwikkeling en lêswille fan bern te stimulearjen.
Yn de earste folle wike fan juny is it altyd de Fryske Foarlêswike. Hûnderten foarlêzers geane yn dy wike op besite by pjutteboartersplakken, deiferbliuwen en gastâlders om dêr foar te lêzen. Spesjaal foar de Fryske Foarlêswike wurdt alle jierren in nij Tomke-temaboekje makke, dat alle pjutten nei it foarlêzen fergees mei nei hûs krije.
Yn 2020 is it allegear oars as oars. Dit jier is de foarlêswike fan 26 o/m 30 oktober. Ek komme der dit jier gjin foarlêzers fan bûten, mar is it juf dy’t foar ien kear sels foarlêst út it nije Tomke-temaboekje!
Alle jierren bringt it Tomke-projekt in fergees Tomke-boekje út yn in oplage fan sa’n 30.000 eksimplaren. Yn dat boekje steane Tomke-ferhalen, opsisferskes, ferskes en spultsjes oer it tema fan dat jier (bygelyks ‘feest’ of ‘natuer’). De boekjes wurde yn oktober útdield op pjutteboartersplakken en berne-opfangsintra dy’t meidogge oan de Fryske Foarlêswike. De boekjes binne yn juny ek te krijen by de konsultaasjeburo’s en biblioteken yn Fryslân.
Mei de ‘Nationale Voorleesdagen’ yn jannewaris leit yn de biblioteken foar alle pjutten in fergees Tomke-boekje klear om op te heljen. It hiele jier troch kinne âlders en opfieders by de biblioteek terjochte foar ynformaasje oer meartalich grutbringen. Bern oant 18 jier kinne fergees lid wurde fan de biblioteek. Ek binne der yn de biblioteek geregeld foarstellingen te besjen. Sjoch op de webside fan jim biblioteek foar mear ynformaasje.
Belibje de aventoeren fan Tomke mei foarlêsboeken, rigeboekjes, knuffels en mear Tomke-guod, online te bestellen yn de Afûk websjop!
Op de spesjale Tomke-app kinst ferhaaltsjes lêze, ferskes belústerje, filmkes sjen en spultsjes dwaan! De Tomke-app is fergees en beskikber foar tablets en smartphones mei iOS en Android.
Alle jierren wurde der troch Omrop Fryslân achttjin nije telefyzje-aventoeren fan Tomke útstjoerd oer it tema fan dat jier. Yn de rest fan it jier wurde alle dagen werhellingen fan de Tomke-ôfleveringen útstjoerd yn it programma Sokkebalje.
De hiele dei nei Tomke lústerje, wa wol dat no net? Tomke hat syn eigen radiostjoerder by Omrop Fryslân! De hiele dei binne dêr ferskes en ferhaaltsjes te hearren.
Ein oktober is de Tomke-Toer: ferskate Tomke-foarstellingen (dûns- of muzykfoarstelling) reizgje by de biblioteken del. Sjoch by in biblioteek yn dyn buert foar it programma en de data.