Tomke nei skoalle

Tomke ropt: 'Ik moat nei skoalle!
Toe no, kom Kornelia.'
En hy klimt al yn it sitsje.
Hy wol nei juf Klaske ta.
En se fytse, om 'e hoeke,
oer de brêge, dan rjochtút.
Gau it plein op, lâns de sânbak.
Sjoch, juf Klaske stiet foar 't rút.
Tomke hinget kreas syn jaske
by it plaatsje fan de slak.
En syn rêchtas mei syn appel
leit hy yn de blauwe bak.
Ien, twa, trije lytse tútsjes
krijt Tomke dan op syn snút.
En Kornelia swaait fleurich
noch hiel eefkes foar it rút.
Tomke mei no lekker boartsje
mei de auto's en de trein.
'Bear moat koese,' seit heit Tomke.
Leit him yn 'e bernewein.
Yn 'e rûnte lêst juf nammen.
Tomke ropt: 'Ik bin der ek!'
Dan fertelt juf oer in kikkert
mei in hiele grutte bek!
Tomke plakt in moaie kikkert,
fervet búk en poatsjes grien.
'No de kop noch,' seit juf Klaske.
'Dan hasto dyn wurkje dien.'
Tomke mei fruit útdiele
want hy is al oe sa knap.
'Noch net ite,' seit juf Klaske.
'Earst noch sjonge fan hap, hap!'
Romke wol hjoed ek nei skoalle.
Slûpt hiel stikem troch it lân.
Springt by skoalle oer it hikje
yn in grutte bak mei sân.
Grave, grave docht it hûntsje.
Hjir in bult en dêr in gat.
'Gau nei bûten!' ropt juf Klaske.
'Yn de sânbak, dêr sit wat!'
Tomke seit: 'Dat is myn hûntsje.
Hy wol ek nei skoalle ta.'
Romke mei noch eefkes boartsje.
En dan... komt Kornelia.
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop