Tomke en de krystkrânskes

‘Sille wy de beam optuge,
jonges kom, it wurdt hast tiid!’
Doazen fol mei krystfersiering.
Romke en Tomke binne bliid.
Earst de lampkes oan de tûken.
Dan de slingers en de stjer.
Gouden ballen, sulveren klokjes.
Se drave hieltyd hinne en wer.
‘Oe, ik soe ’t al hast ferjitte.’
Kornelia draaft nei de kast.
Pakt it trompke mei de krânskes:
‘Ik hoopje mar dat it noch past!’
Kleurde krânskes oan in toutsje.
Dat liket Romke echt te gek.
Wat sille dy aanst lekker smeitsje.
Hy slikket him al om de bek.
It lekkers hinget oan de tûken.
‘Romke, do komst der net oan!
Dy krânskes binne foar it krystfeest.
Noch twa nachtsjes sliepe. Oaremoarn.’
Romke kin sa lang net wachtsje.
Nei de beam ta, yn de nacht!
De krânskes rane yn syn mûle:
ien, twa, trije, it binn’ der wol acht!
Mar Kornelia kin goed telle,
se mist se daalk de oare moarn.
‘Wa hat hjir de krânskes stellen?’
Sy sjocht de boefkes freegjend oan.
‘Ikke net,’ seit Tomke skrokken.
‘Miskien wie der wol in dief!’
Romke trillet op syn poatsjes.
Wat krijt er pine yn ’t liif!
Kornelia sjocht Romkes snútsje.
Hy hat de krommels noch yn ’t hier.
‘Romke, hasto de krânskes stellen?
Meist net lige. Is it wier?’
Romke begjint lûd te gûlen,
want hy skammet him dochs sa.
‘Ik woe se eins allinnich priuwe,
en doe kaam it samar sa.’
Kornelia dy moat wol laitsje.
‘Toe Romke, gûl no net sa.
dan fiere we hjoed krystfeest
en moatte we de krânskes no mar ha.’
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop