Toskedokter

Plof! de post falt op de matte.
Romke draaft nei ’t gonkje ta,
pakt in kaart – hap – yn syn bekje,
bringt ’m nei Kornelia.
’t Wite kaartsje is foar Tomke.
Toskedokter Van der Ven
wol moarnier om njoggen oere
syn gebitsje graach besjen.
‘Romke moat ek mei!’, ropt Tomke.
‘Sûnder Romke is it stom!’
Kornelia seit: ‘Nee, dat kin net.
Wy binne sá wer werom.’
Kornelia en Tomke geane
moarnsier mei de fyts op wei.
Romke giet, stikem ferstoppe
yn de boadskiptas, ek mei.
‘Dach Kornelia, hoi Tomke’,
seit Auke, de assistint.
‘Meist fuort nei de toskedokter,
want syn sprekoere begjint.’
‘Tomke’, seit de toskedokter,
‘wolst my wol in hantsje jaan?
Asto lekker yn de stoel sitst,
meist de mûle iependwaan.’
Van der Ven seit: ‘Gean mar sitten.’
Mar wat wurde se dan kjel!
Ut de tas springt in lyts hûntsje.
It komt – plof – op Tomke del.
‘Au!’, raast Tomke. ‘Waf!’, blaft Romke.
‘Fuort hûn!’, ropt de assistint.
Mar de toskedokter laket:
‘’k Ha in hûntsje as pasjint.’
Kornelia is lulk op Romke.
En foar straf moat hy der út.
Efkes letter sit de doerak
yn it finsterbank foar ’t rút.
Tomke docht de mûle iepen.
Hy is einlings oan de beurt.
‘Moai sa’, seit de toskedokter,
as hy Tomkes toskjes keurt.
‘Tomke’, seit de toskedokter,
‘do meist by myn assistint
noch wat út it laadsje sykje,
want do bist… in flinke fint!’
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop