Lês-mar-foar-wiken

Fan 5 o/m 30 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs, dat dit jier as tema ‘thús’ hat. De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep (Fers, Cedin, SFBO, Omrop Fryslân en Afûk). 

 

Tomke's Foarlêsfeest!

Op sneon 3 septimber traapje wy offisjeel ôf mei in grut foarlêsfeest! By Paviljoen Mem yn Bûtenpost binne dy dei allegear leuke aktiviteiten te dwaan om Tomke en it Frysk foarlêzen hinne. Tomke-skriuwsters Riemkje, Geartsje en Berber, Tomke-tekener Luuk én sjongeres Janneke Brakels komme allegear wat leuks dwaan: foarlêze, mei-inoar in eigen ferhaal meitsje, muzyk, sjonge, dûnsje… en fansels nimt Luuk syn oargel wer mei! Kaarten foar it feest kinne no besteld wurde op Tomke's foarlêsfeest! (paviljoenmem.nl).

 

In nij  Tomke-temaboekje: Thús by Tomke!

It nije Tomke-boekje hjit: ‘Thús by Tomke!’. Berber Spliethoff, Geartsje Douma, Reina&Greetje, Riemkje Pitstra, Antsje de Vries en Mirjam van Houten ha prachtige nije ferhaaltsjes skreaun en Luuk Klazenga, Mirjam van Houten en Aukje Visser ha dêr moaie yllustraasjes by makke. De ferhaaltsjes geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: oer ferhúzje, in pyamadei en plakhúskes. En yn watfoar hûs wennet in reus of in kabouter? Fansels steane der ek wer nije ferskes en opsisferskes yn it boekje en yn ’e midden sit in moaie fertelplaat oer Tomke syn hûs. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der wer in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje.

 

Meidwaan oan de Lês-mar-foar-wiken

Alle pjutte-opfanglokaasjes, bernesintra en gastâlden dy't harren opjûn ha om mei te dwaan, ha yn july in foarlêspakketsje krigen mei mear ynformaasje en tips foar it freegjen fan foarlêzers. Ein augustus krije alle lokaasjes automatysk boekjes besoarge, foar it tal pjutten dat dêr ynskreaun stiet.

 

Feest yn de byb: dûnsje, sjonge en muzyk meitsje mei Tomke

Om de Lês-mar-foar-wiken hinne is it ek feest yn de biblioteek. Sa kinst tegearre wekker wurde yn 'e sliepkeamer mei de muzikale foarstelling ‘Us hûs!’ fan Janneke Brakels. Of kom nei in foarstelling fan Geartsje Douma, dan kinst yn pyama nei de biblioteek komme om mei Tomke en Kornelia in pyamafeestje te hâlden! Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto.  Hast it nije Tomke-temaboekje noch net? Yn de Lês-mar-foar-wiken kinst it boekje ek fergees krije yn de biblioteken! Ynformaasje oer plak en tiid fan de foarstellingen kinst HJIR fine. Hâld de webside fan dyn biblioteek yn 'e gaten foar updates.

 

Fergees boekje fan Keimpe de Krokodil

Yn Spoar 8, de metoade Frysk foar it basisûnderwiis, helpt Keimpe de Krokodil bern fan 4-8 jier mei harren Fryske wurdskat en it Frysk lêzen. Ek wol Keimpe graach, krekt as Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Sa leare sy it Frysk nóch better! Njonken it fergese Tomke-temaboekje is der dêrom ek dit jier wer in fergees Keimpeboekje. It tredde Keimpeboekje hat as titel ‘Nei bûten!’ en is yn de Lês-mar-foar-wiken foar bern fan 4-8 jier fergees op te heljen by de biblioteek! Wolst mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op keimpe.frl. Dêr fynst trouwens ek superleuke ynteraktive sykplaten! Kinne jim alles fine?

 

Nije útstjoeringen fan Tomke op TV

Fan 5 septimber ôf binne der wer hagelnije Tomke-útstjoeringen op ’e telefyzje. Dy binne te sjen yn it programma ‘Tsjil’, alle dagen fan 6.00-9.00 oere moarns by Omrop Fryslân. De ôfleveringen binne ek te finen op Tsjil.omropfryslan.nl.  Nij dit jier: op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it boekje te hearren!