Ferhaaltsjes foar pjutten, ynformaasje foar grutten!

Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.

Mear oer Tomke

Lês-mar-foar-wiken!

De ‘Lês-mar-foar-wiken’ binne begûn! Sneon 3 septimber wie de start mei Tomke's foarlêsfeest yn Bûtenpost, by Paviljoen MeM. Wat wie it in prachtige dei! Tomke-skriuwsters Riemkje, Geartsje en Berber wiene der mei allegear har eigen foarstelling en ek mei sjongeres Janneke Brakels wie it wer in muzikaal feestje. Tomke-tekener Luuk wie der mei syn oargel en hy hat ek noch de hiele dei kleurplaten makke foar de bern! Fansels wie Tomke der ek en koene alle bern mei him op de foto. Der waard songen, dûnse, muzyk makke en hearlik boarte. It waar koe ek net better fansels, dat wy sjogge werom op in tige slagge feest!

Mear oer de 'Lês-mar-foar-wiken'

Krijsto de Tomke
nijsbrief al?

Lit dyn mailadres achter en bliuw op ’e hichte fan it Tomke-nijs! 

Tomke ferskes

Lês it temaboekje: 'Thús by Tomke'!

Yn nûmer 26 fan it Tomke temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes, puzels en noch folle mear... 

Tomke temaboekje besjen

Tomke foar thús

Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!

Tomke foar thús

Tomke foar professionals

Wolsto as professional mei Tomke wurkje? Yn de Tomketeek fynsto allerhanne materialen om yn dyn groep mei it Frysk oan ’e slach te gean.

Mear ynfo