Lês-mar-foar-wiken

Fan 11 o/m 29 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt wer oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs, dat dit jier as tema ‘wetter’ hat. De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep en de Keimpe-wurkgroep (Fers, Cedin, SFBO, Omrop Fryslân en Afûk).

 

In nij  Tomke-temaboekje: Lekker spatterje!

It nije Tomke-boekje hjit: ‘Lekker spatterje!’. Berber Spliethoff, Geartsje Douma, Reina&Greetje, Riemkje Pitstra en Mirjam van Houten ha prachtige nije ferhaaltsjes skreaun en Luuk Klazenga, Mirjam van Houten en Karin Poiesz ha dêr moaie yllustraasjes by makke. De ferhaaltsjes geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: oer blusse, wiet spuitsje en boatsje farre. Mar ek oer waskje, blomkes wetter jaan en fansels oer wetter út 'e loft: reinwetter. Der steane ek wer nije ferskes en opsisferskes yn it boekje en yn ’e midden sit in moaie fertelplaat oer Tomke op it wetter. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der wer in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje, in Bildtske én foar it earst in Franeker ferzje.

 

Meidwaan oan de Lês-mar-foar-wiken

Alle pjutte- en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân, en gastâlden dy't harren opjouwe (of dat ôfrûne jier al dien ha) om mei te dwaan, krije yn de wike fan 4 september de Tomke-boekjes besoarge. Tagelyk mei de Tomke-boekjes wurdt der ek in foarlêspakketsje útdield, om noch mear út de Lês-mar-foar-wiken te heljen. Hjirûnder is de ferspriedingslist te finen (de gastâlden dy't har foarich jier opjûn ha en mear as 8 bern opfongen steane hjir tusken) mei it tal boekjes dat jim yn 2022 krigen ha. Wolle jim wat wizigje? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@tomke.frl. Wolst as gastâlder ek meidwaan, hast mear as 8 bern op 'e opfang en stiest noch net op 'e list? Stjoer ek dan efkes in mailtsje mei dyn namme, adres en it tal bern datst opfangst.
Let op: de lokaasjes yn it Bildt en de Stellingwerven steane hjir net op, Stichting Bildts Aigene en de Stellingwarver Skrieversronte regelje de fersprieding oer dizze lokaasjes. 

Ferspriedingslist 2023

 

Feest yn de byb: dûnsje, sjonge en muzyk meitsje mei Tomke

Om de Lês-mar-foar-wiken hinne is it ek wer feest yn de biblioteek. Janneke Brakels sil sjonge en muzyk meitsje mei de pjutten en mei Willy van Assen fan Danswil kin der lekker dûnse wurde yn har nije foarstelling. Tomke-skriuwster Geartsje Douma hat krekt as ôfrûne jier ek in nije Tomke-foarstelling makke foar de biblioteken. En fansels is it Tomke-boekje yn de Lês-mar-foar-wiken fergees te krijen yn de biblioteken!

 

Fergees boekje fan Keimpe de Krokodil

Yn Spoar 8, de metoade Frysk foar it basisûnderwiis, helpt Keimpe de Krokodil bern fan 4-8 jier mei harren Fryske wurdskat en it Frysk lêzen. Ek wol Keimpe graach, krekt as Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Sa leare sy it Frysk nóch better! Njonken it fergese Tomke-temaboekje is der dêrom ek dit jier wer in fergees Keimpeboekje. It nije Keimpeboekje hat as titel ‘By ús thús’ en is yn de Lês-mar-foar-wiken foar bern fan 4-8 jier fergees op te heljen by de biblioteek! Wolst mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op keimpe.frl. Dêr fynst trouwens ek superleuke ynteraktive sykplaten! Kinne jim alles fine?

 

Nije útstjoeringen fan Tomke op TV

Yn septimber binne der wer hagelnije Tomke-útstjoeringen op ’e telefyzje. Dy binne te sjen yn it programma ‘Tsjil’, alle dagen fan 6.00-9.00 oere moarns by Omrop Fryslân. De ôfleveringen binne ek te finen op Tsjil.omropfryslan.nl. En lykas ferline jier binne op Tjitsfloch alle ferhaaltsjes en ferskes út it boekje wer te hearren!

 

Mear foarlêze?

Foar de moaiste berneboeken om it tema 'wetter' hinne, sjochst yn de Afûk-websjop.