
Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.
Fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris binne it de ‘Nationale Voorleesdagen’. Yn dy perioade is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0 o/m 6 jier. Ek dit jier ha wy wer in lesbrief makke, mei dêryn in Fryske oersetting fan it ‘printeboek fan it jier’ 2023: ‘Maximiliaan Modderman geeft een feestje’. Yn de biblioteken leit der yn dizze perioade foar alle pjutten in fergees Tomke-boekje klear om op te heljen!
Yn nûmer 26 fan it Tomke temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes, puzels en noch folle mear...
Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!
Wolsto as professional mei Tomke wurkje? Yn de Tomketeek fynsto allerhanne materialen om yn dyn groep mei it Frysk oan ’e slach te gean.