Tomke leart fytsen

Dêr komt Yana Yu oanfytsen.
Se ropt: ‘Tomke, kom ris gau!
Moatst ris sjen, ik kin al fytse!
’k Ha de sydtsjiltsjes der ou!’
‘Dat wol ík ek’, laket Tomke.
Hy draaft nei Kornelia
en ropt stoer: ‘Dy stomme tsjiltsjes
wol ik fan myn fyts ôf ha!’
Kornelia seit: ‘Nó net, Tomke,
ik ha ’t iten al hast klear.
Do meist Romke wol fêst roppe.’
Mar dat heart Tomke net mear.
Lulk racet hy nei Yana Yu ta.
Romke wit net wat er sjocht.
Hy draaft gau achter syn freon oan,
hy wol sjen wat Tomke docht.
Tomke komt by Yana Yu oan,
goait syn fytske op ’e wei.
Hy sjocht Yana Yu har fyts stean
en dy nimt er stikem mei.
Tomke giet op ’t sadel sitten,
docht de hannen oan it stjoer.
Krekt as hy begjint te traapjen
springt - hup - Romke yn de koer.
’t Fytske wibelet ferskriklik
en fljocht samar oer de kop.
Earme Tomke leit derûnder,
Romke leit der boppe-op.
Romke jankt en Tomke jammert:
‘Stomme Romke, ’t is dyn skuld!’
Der komt bloed út Tomkes knibbel,
op syn holle sit in bult.
Romke is der goed foarwei kaam.
Hy hellet Kornelia.
Dy komt der skrokken oanfleanen.
Lokkich falt it wol wat ta.
Jûns, as beide freonen sliepe,
is Kornelia yn tou.
Sy hellet de lytse tsjiltsjes
fan Tomke syn fytske ou.
D’oare deis leart Tomke fytsen.
O, wat fielt hy him no grut!
Yana Yu klapt yn de hannen,
Romke kwispelt mei syn sturt.
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop